Egbert Douwe opnij begroeven

11 aug 2009 - 11:42

Op it tsjerkhôf fan Sint Nyk binne tiisdei de stoflike omskotten fan Egbert Douwe de Jong en syn dochter Klaske op 'e nij begroeven. Fanwege de restauraasje fan it tsjerkhôf wie mei de famylje ôfpraat dat de oprjochter fan it Douwe Egberts konsern opnij begroeven wurde soe sadat er by syn frou komme soe te lizzen.

Ien fan de soannen wie it dêr net mei iens en spande ferskate rjochtsaken oan om de ferpleatsing foar te kommen. De Rie fan Steat joech de soan ûngelyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)