Fryske mannen op NK it sterkst

11 aug 2009 - 10:19

By it NK Frachtweinlûken, ôfrûne wykein yn it Limburchske Brunssum, kamen beide kampioenen út Fryslân. Yn de kategory boppe de 100 kilo gie de earste priis nei Arno Louwsma fan Boalsert, by de dielnimmers lichter as 100 kilo wie de priis foar Marco Stoelwinder fan Reahel.

By de wedstryd moast in frachtwein fan 39 ton oer in lingte fan 25 meter lutsen wurde. Dat gie mei de hân en mei in saneamd harnas om. Oan it NK Frachtweinlûken diene 24 manlju mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)