Helpfraach by ûngelok

11 aug 2009 - 10:11

De plysje siket de bestjoerder fan in lytse reade auto dy't snein op De Lemmer mooglik wat te krijen hie mei in ûngelok. De reade auto kaam fan it yndustryterrein Lemsterhoeke en ried de dyk op. In motorrydster út Staphorst moast dêrtroch bot ôfremje en gie ûnderút. De frou rekke licht ferwûne.

Yn de reade auto sieten meardere minsken. Achteryn lei in foarwerp dat opfoel troch syn giele kleur. De bestjoerder kin belje mei 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)