Kitesurfers Warkum oan bannen

De kitesurfregels by Warkum binne oanskerpe
Kitesurfers kinne yn de simmermoannen net mear samar frij kitesurfe op 'e kitesurflokaasje by Warkum. De gemeente Nijefurd hat de regels foar it kitesurfen by It Soal yn Warkum oanskerpe. Dat is it ferfolch op in proef fan de gemeente en de kitesurfskoallen fan foarich jier mei in fêste kitesurfsône en regels.
Fan juny oant en mei augustus meie allinne de kitesurfskoallen Kite Mobile en Sky High lesjaan yn it gebiet.