Mear kontrôles op blau-alch

10 aug 2009 - 17:22

De provinsje moat faker en rapper kontrolearje op blau-alch. De útslach duorret no fierstente lang en soarget foar grutte omsetskea. Dat seit Fokke Eybergen fan paviljoen en kamping by de Burgumermar.

Sûnt tongersdei jildt in swimferbod by de mar fanwege de giftige blau-alch. Mar yntusken is de wyn draaid en binne de algen net mear te sjen. Dochs jildt it swimferbod noch. De provinsje nimt de klacht serieus en sil no mooglik faker kontrolearje op de blau-alch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)