Turfrûte ûntfangt 1000ste boat

10 aug 2009 - 15:52
  • De Solita is dit jier it tûzenste skip dat troch de Turfrûte fart

As de Turfrûte net útdjippe wurdt, is it yn in pear jier dien mei de toeristyske farwei tusken De Gordyk en Appelskea. Dat seit fise-foarsitter Mulder fan De Nije Kompanjons. De klup is ferantwurdlik foar de promoasje fan de farwei.

Op dit stuit docht de provinsje ûndersyk nei it útdjipjen fan de turfrûte. No kinne der allinnich boaten del dy't net djipper gean as 1 meter 10. Dochs kaam moandei op 'e Gordyk de tûzenste besiker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)