Mear grypmedisinen yn apteken

De foarljochtingsposter fan MCL en GGD
No't in grutte útbraak fan 'e Meksikaanske gryp tichterby liket te kommen nimt de Fryske sûnenssoarch mear maatregels. Alle apteken ha dit wykein sechstich kueren Oseltamivir ekstra krigen om benammen risikogroepen gau helpe te kinnen.
Minsken dy't har siik fiele, kinne it medisyn op doktersresept fergees meikrije. Wa't it bekende Tamiflu ha wol, moat ta de bûse. De spoedapteek yn it MCL yn Ljouwert hat oant no ta sa'n trije pakjes Oseltamivir meijûn.