Wettersport Langwar 150 jier

10 aug 2009 - 14:48
  • Havenmaster Marcel Ferdinands fan 'e Keninklike Wettersportferiening fan Langwar

De Koninklijke Watersportvereniging yn Langwar jubilearret. De feriening bestie moandei op 'e kop ôf 150 jier. By it 100-jierrich bestean, yn 1959, krige de feriening it predikaat keninklik.

Earst hjitte de feriening Zeilvereniging Langweer, mar doe't der yn 1989 in eigen thúshaven kaam, waard de namme feroare yn Koninklijke Watersportvereniging Langweer. Op 29 en 30 augustus binne der jubileumsylwedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)