Blau-alch yn Burgumermar

Swimme yn 'e Burgumermar is no ferbean
Der is op 'e nij blau-alch ûntdutsen yn Fryslân. It giet om de Burgumermar by Eastermar en de Leijen by De Rottefalle. Dêr jildt no in swimferbod. Earder al waard blau-alch oantroffen by rekreaasjesintrum Klein Zwitserland oan de Burgumermar en yn de Fluessen, by de Galamadammen by Koudum.
Dêr hie de provinsje ek al in swimferbod ynsteld. Om swimmers en oare wettersporters te warskôgjen steane der warskôgingsbuorden.