Simmeriis lûkt 6.000 riders

10 aug 2009 - 12:35

It simmeriis yn Thialf hat dit jier dik seistûzen rekreanten lutsen. Foar it earst lei it simmeriis der seis wiken lang, fan 27 juny oant en mei ôfrûne sneon. It NOC/NSF hie om dy seis wiken frege, omdat it foar de profesjonele reedriders in wichtige tarieding is op de Olympyske Spelen yn Vancouver fan de begjin 2010. Sy ha in soad gebrûk makke fan it simmeriis.

Thialf is net ûntefreden oer it tal rekreanten, mar benammen yn de boufak hie it wol better kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)