Skoalle Techum los mei 16 bern

10 aug 2009 - 12:27
  • De opfallende nije basisskoalle fan Techum

De nagelnije basisskoalle De Pionier fan nijbouwyk Techum, oan de súdkant fan Ljouwert, begjint nije wike mei sechtjin learlingen. Dat betsjut dat eltse learling in eigen lokaal hat.

Troch de krisis leit de ferkeap fan huzen yn Techum hast hielendal stil. Dêrtroch binne der by de start folle minder learlingen as earst tocht. Dat jildt ek foar de protestânske en de katolike skoalle yn it nije gebou. De skoalle sit yn in opfallend heech gebou, dat op in boereskuorre liket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)