Nier fan Maggy is geskikt

© Omrop Fryslân
De donornier fan Drachtster Maggy van Manen past goed by nierpasjint Adrie de Graaf út Putten. De donaasje is dêrmei in stik tichterby kaam. Ut ûndersyk fan it Erasmussikehûs yn Rotterdam die bliken dat har nier yn goeie steat is. Ek kwa bloedwearden lizze de twa ticht byinoar.
De Graaf frege yn in advertinsje om in Samaritaanske nierdonor. Van Manen reagearre dêrop, mei in stoarm oan publisiteit as gefolch.