Tony Feitsma (81) ferstoarn

Professor Tony Feitsma (foto: Fûûns fwar it Frysk)
Professor Tony Feitsma (81) út Grou is snein yn Ljouwert ferstoarn. Frou Feitsma is yn 1928 berne op in pleats yn Brantgum. Se studearre Frysk, Deensk en Frânsk oan de UvA. Tony Feitsma wie learares Frânsk, wittenskiplik meiwurker oan it Frysk Ynstitút te Grins en bûtengewoan heechlearaar oan de VU yn Amsterdam.
Frou Feitsma hat har har hiele libben ynset foar it Frysk. Se wie bestjoerslid fan 'e Koperative Utjowerij en foarsitter fan 'e FNP.