Guod út auto's stellen
By in garaazjebedriuw oan de Adoniswei yn Ljouwert is sneontenacht út fiif auto's allegearre guod stellen. It giet ûnder oaren om speakers, radio/CD-spilers en rutewiskers.
Ek binne meardere auto's bekladde en waard fan ien auto it rút ynslein. De plysje siket minsken dy't wat fan de fernielings en de stellerij sjoen hawwe.