Motorrider ferwûne by ûngelok

10 aug 2009 - 09:49

Op de Plattedyk op 'e Lemmer is sneintemiddei in motorrider ferwûne rekke doe't er ûnderút gie. De man (51) út Staphorst moast remje foar in automobilist dy't fan it yndustryterrein ôf ynienen de dyk opried.

De motorrider is mei ferwûnings oan syn ankel en boarst oerbrocht nei it sikehûs. De bestjoerder fan de auto is nei it ûngelok trochriden. De plysje is op syk nei de bestjoerder fan dizze auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)