Dirk Fabriek wint yn Rastede

09 aug 2009 - 20:55

Dirk Fabriek fan Jobbegea hat snein wer ris taslein by de ynternasjonale gersbaanwedstriid yn it Dútske Rastede. Omdat de baan striemin wie waarden der mar trije searjes en in finale riden. Dirk wûn al syn trije searjes. De foarsprong op syn grutste konkurrinten, Glen Philips út Ingelân en de Dútser Enrico Janoschka, wie doe al fjouwer punten.

Yn de finale hie de 24-jierige Fries oan in fjirde plak genôch om de einoerwinning binnen te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)