Jorrit Bergsma wint yn Rolde

09 aug 2009 - 20:26

Jorrit Bergsma hat snein de Ronde fan Rolde wûn. De hurdfytser en maratonreedrider fan Aldeboarn gong yn it begjin fan it kritearium oer 80 kilometer op aventoer mei Maint Berkenbosch fan Aldeberkeap en de Sinees Han Feng. It peloton soe dit trio net werom sjen.

Twa rûntsjes foar de ein naaide Jorrit Bergsma út. Sa koe hy syn earste oerwinning yn in hurdfytskritearium moai allinnich fiere. Han Feng waard twadde, Maint Berkenbosch tredde

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)