Gouden Willem foar trio vd Bos

Gert_Anne van der Bos waard kening yn Menaam (foto: Martin de Jong)
It haadklassekeatsen by de manlju is snein yn Menaam wûn troch Gert-Anne vd Bos, Folkert vd Wei en Daniël Iseger. Yn de finale fan de Gouden Willem-partij wûnen se mei 5-5 en 6-4 fan Jochum Bouma, Karel Nijdam en Pier Piersma. Van der Bos waard kening.
De lytse premy wie foar Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Douwe Groenendijk dy't mei 5-4 en 6-6 fan it trio Bouma ferlearen. Chris Wassenaar waard foarich jier noch kening en foel no yn foar Martijn Olijnsma.