Maaike Wind wint yn Penjum

09 aug 2009 - 16:46

It haadklassekeatsen by de froulju is snein yn Penjum wûn troch Maaike Wind, Gérieke de Groot en Afke Hijlkema. Sy wûnen yn de finale mei 5-4 en 6-0 fan Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra.

It seach der earst net nei út dat it trio Wind de partij winne soe. It kaam mei skjinne fjouwer earsten achter te stean. Doe't Afke Hijlkema en Maaike Wind fan posysje wikselen, begûn it ynienen te rinnen en kamen Joostema-en-dy der net mear oan te pas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)