Parkearmeter fernield
Trije Roemenen binne sneintemoarn betiid oanhâlden yn Ljouwert op fertinking fan it fernielen fan in parkearmeter. In tsjûge hie sjoen dat fjouwer manlju dwaande wiene mei de masine en hie de plysje warskôge.
Doe't de plysje op it plak oankaam, naaiden de mannen út. Eefkes letter koene der trije oanhâlden wurde. Sy binne fêstset op it plysjeburo.