Oanhâldings yn Appelskea

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht de wapenstôk en pepperspray brûke moatten by in oanhâlding yn Appelskea. It gie mis doe't aginten nei in fjochtpartij besochten in 17-jierrige ynwenner fan Appelskea oan te hâlden. Hy wegere mei te wurkjen en waard doe oppakt. Twa ynwenners fan Appelskea wiene it dêr net mei iens en besochten dat foar te kommen.
Mei help fan oare plysjes koene de trije oanhâlden wurde. Se hawwe de nacht trochbrocht op it plysjeburo.