Tas mei medisinen stellen

© Omrop Fryslân
In dief hat sneon op It Amelân in tas mei gefaarlike medisinen stellen. De eigneresse hie de tas yn in fytskoer lizze litten en wie in winkel ynrûn. Doe't se werom kaam wie de tas fuort.
Yn de tas sitte spuiten mei it middel Adrenalin. It wurdt brûkt troch minsken dy't allergysk binne foar wespestekken en by in hertoanfal. Benammen foar lytse bern is it medisyn libbensgefaarlik.