Rekôr pealsitten yn Kollum

09 aug 2009 - 13:57

It Fryske rekôr pealsitten stiet wer op namme fan Kollum. Wieke Lap, Thea Beets, Sandra Ellens, Klaas Mook en Marcel de Vries hawwe it 73 oeren folholden op de peallen oan De Wallen yn Kollum. Dêrmei is it rekôr fan Warns mei trije oeren brutsen.

Woansdeitejûn wiene acht minsken op in peal klommen om it rekôr wer nei Kollum te heljen. Trije pealsitters koene it troch wurgens net folhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)