Soad besikers by Iepen Stâl

09 aug 2009 - 13:26

De 38ste edysje fan de Iepen Stâl-rûte yn Aldeberkeap hat sa'n 6500 besikers lutsen. De organisaasje fan de jierlikse keunst- en sjochrûte is dêr hiel tefreden mei. Oant en mei snein wie fjouwer wike lang keunst te besjen op ferskate lokaasjes yn it doarp.

It tema fan dit jier wie 'Bewogen Beweging". Yn in enkête wiene de besikers mei it sifer 7,4 goed te sprekken oer de keunstwurken dy't dat tema opsmiet. De papieren keunst fan Peter Gentenaar fûnen se it hichtepunt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)