Skûtsjeskipper Talsma huldige

© Omrop Fryslân
Op it Stoomboatshaad fan Warten is sneintemiddei skipper Jelle Talsma en syn bemanning huldige.
Debutant Talsma helle sneontemiddei mei syn skûtsje Jonge Jan de kampioenstitel yn de A-klasse fan it IFKS skûtsjesilen. Op it Stoomboatshaad yn Warten is dêr snein op feestlike wize by stilstien. Ek akteur en doarpsbewenner Rinse Westra ferliende syn meiwurking oan de huldiging.