Weening fjirde yn Poalen

08 aug 2009 - 18:51

Pieter Weening is yn it einklassemint fan de Ronde fan Poalen fjirde wurden. Sneon yn de sânde lêste koarte etappe (136,5 km) feroare der neat mear yn it boppe-ein fan it klassemint. De etappe waard wûn troch André Greipel yn in massasprint. Weening waard 31ste.

De einoerwinning wie foar de Italiaanske wrâldkampioen Alessandro Ballan. Ek op it poadium de Spanjert Daniel Moreno en de Noar Edvald Boasson Hagen. Pieter Weening hie tolve sekonden langer wurk as de winner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)