Tom Otte wer kampioen Yngling

Tom Otte yn de NED 328
Stjoerman Tom Otte fan Snits is mei syn bemanning Mark Haven en Floortje de Vries foar de twadde kear op rige wrâldkampioen wurden yn de Yngling. Yn Kalmar yn Sweden wie de oermacht fan de Fryske silers grut.
Otte is lid fan de KWS: de Keninklike Wettersportferiening Snits. Fan dyselde KWS waard Maarten Jamin twadde, Hidde-Jan Haven tredde, Gert Roukema fjirde en Christian Roukema fiifde.