Lieuwe Westra 5e yn Burgos

08 aug 2009 - 17:54
  • Lieuwe Westra (argyffoto)

Lieuwe Westra is sneon yn de fjirde etappe fan de Ronde fan Burgos, in tiidrit oer 15 kilometer, fiifde wurden. De winst wie foar de Amerikaan Tom Danielson yn 17 minuten en 9 sekonden. De hurdfytser fan Mûnein die der 22 sekonden langer oer. Tusken winner Danielson en Westra sieten noch Danny Pate, Alexei Markov en Alejandro Valverde.

Yn it algemien klassemint spilet Lieuwe Westra gjin rol. Snein is de lêste etappe oer 155 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)