Debutant Talsma kampioen IFKS

08 aug 2009 - 15:57

Debutant Jelle Talsma hat mei syn skip De Jonge Jan ek de kampioenstitel pakt fan de A-klasse. By de lêste IFKS-wedstriid, sneon fersyld op 'e Lemmer, kaam er as fjirde oer de finishline. Dit wie trije plakken foar syn konkurrint Delmer Los. Bysûnder is dat Talsma yn twa jier opklommen is fan de C-klasse nei de kampioensklasse.

It wie in tige spannende finale. Mei ien punt ferskil striden Delmer Los en debutant Jelle Talsma om de titel fan kampioen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)