Seis ferwûnen by ûngelokken

© Omrop Fryslân
By ferskate ûngelokken binne freed seis minsken ferwûne rekke. Yn Ljouwert botsten op it Noardfliet in motor en in auto op inoar. De motorrider (27) út Grins en in ynsittende (25) fan 'e auto rekken ferwûne. Beiden binne nei it sikehûs brocht. Twa brommerriders botsten freedtejûn op de Boukewyk by de Harkema tsjin inoar. In jonge (16) út Droegeham is mei pine yn't liif nei it sikehûs brocht.