Brân yn wenhûs Damwâld
Yn de wenning fan in 48-jierrige man út Damwâld is sneontenacht brân útbrutsen. De brân ûntstie nei alle gedachten doe't de man mei in sigret oan yn sliep foel. De man koe himsels en syn hûn rêde.
Minsken fan de wenningbouferiening dy't him helpe woene, waarden bedrige troch de man, dy't yn 'e war wie nei de brân. De man is oanhâlden.