Bedriuwsûngelok by Brantgum
In 22-jierige ynwenner fan Ternaard hat freed mei de hân fêst sitten yn in ierappelroaimasine. It ûngelok wie op in stik lân oan de Fjildbuorren by Brantgum.
De brânwacht wist it slachtoffer te befrijen. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.