Gryppasjinte aktyf op Twitter

08 aug 2009 - 12:21
  • Rodien de Maar brûkt Tamiflu op de gryp te bestriden
  • Rodien docht op Twitter ferslach fan it ferrin fan har sykte

Rodien de Maar út Ljouwert tinkt dat se de Meksikaanske gryp hat. Se moat no ferplichte yn hûs bliuwe, sadat se oaren net besmette kin. Rodien docht op Twitter ferslach fan har sykte.

Echt slim siik fielt se har net; se hat Paracetamol en Tamiflu yn hûs om de gryp te bestriden. Rodien tinkt dat se mooglik de earste gryppasjinte yn Fryslân is dy't Tamiflu brûkt. Op Twitter hâldt se kontakt mei freonen en kunde sûnder dat se dêrfoar de doar út hoecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)