Jonge draait gasflesse iepen

Der ha him dit jier gjin grutte problemen foardien op it Roggefeest op it Amelân. Ferline jier wie dat wol it gefal en dêrom wie de plysjeynset dit jier ferhege fan 12 nei 24 minsken.
In 17-jierrige jonge waard oppakt nei't hy in gasflesse by in diskoteek iependraait hie. In pear minsken binne oanhâlden foar fernielings en it misledigjen fan 'e plysje. Ek ried in 16-jierrige jonge út Zuidlaren oer it eilân mei in stellen golfkarre.