Stadionferboden Cambuur

08 aug 2009 - 10:18
  • Guon Cambuursupporters krigen freed in stadionferbod (foto Martin de Jong)

In tal Cambuursupporters hat freedtejûn by de thúswedstryd fan Cambuur tsjin De Graafschap in stadionferbod oplein krigen. Neffens stewards fan de klup wiene de supporters belutsen by de rellen dy't op 3 juny ûntstiene nei ôfrin fan de wedstryd Cambuur tsjin Roda JC.

De plysje hat de nammen fan de mannen trochkrigen en sil harren meikoarten hearre. Der binne freed struibrieven oan de supporters jûn om se te ynformearjen oer de nije maatregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)