Lykspul foar Cambuur

07 aug 2009 - 22:00
  • Jeffrey de Visscher skoarde út in strafskop de 1-1 (foto Dirk Jan Haarsma)

Cambuur is it nije seizoen begûn mei in 1-1 lykspul tsjin De Graafschap. De ploech út Doetinchem kaam yn de 21e minút op foarsprong troch in goal fan De Ridder. Yn de 39e minút helle De Graafschap spiler Wormgoor Sandor van der Heide ûnderút yn de 16 meter.

Wormgoor krige read. De Visscher benutte de penalty: 1-1. Yn de twadde helte wie Cambuur de oanfallende ploech. De Ljouwerters slaggen der lykwols net yn om de beslissende treffer te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)