Ferlies SC Hearrenfean

Michal Papadopulos rêde de eare noch in bytsje foar Hearrenfean
SC Hearrenfean is yn de twadde kompetysjewedstriid hurd ûnderút gien. De Feansters ferlearen yn Nijmegen mei 4-1 fan NEC. By de rêst wie it 1-0 foar NEC troch in goal fan Vleminckx.
Nei de tee rûn NEC út nei 4-0 troch goals fan Fejzullahu, El-Akchaoui en Vleminckx. Yn de slotfaze sette Papadopulos de einstân op it skoareboerd. Mei ien punt út twa wedstriden hat SC Hearrenfean in min begjin fan it seizoen.