Nije boatebeurs foar Fryslân

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt der takom jier noch in wettersportevenemint by. Yn april komt der yn de Snitser grêften in lang lint fan twaddehâns boaten te lizzen. De jachtwerven sille de ynruilfoarried oan boaten en sloepen op besjen lizze. De ferkeap kin oan board of letter op de werf.
Neffens de organisaasje binne der genôch mooglikheden om nije boaten te presintearjen, mar foar twaddehâns boaten is dat folle minder. De beurs krijt as namme Botenbeurs Friesland.