Motorrider ferwûne yn Ljouwert

07 aug 2009 - 19:14
  • De motor en helptsjinsten op it Noardfliet (foto Robertjan Boonstra)

Op it Noardfliet yn Ljouwert is freedtemiddei in motorrider swier ferwûne rekke by in botsing mei in auto. De motorrider waard nei de botsing fan syn motor slingere en foel in ein fierder op 'e dyk. It ambulânsepersoniel hat de man earst stabilisearre en dêrnei is er nei it sikehús brocht.

De bestjoerster fan de auto is ek nei it sikehús brocht, omdat sy lêst fan 'e nekke hie. Oer de oarsaak fan de oanriding is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)