Callcenter foar fragen gryp

© Omrop Fryslân
De GGD is dit wykein berikber foar Friezen mei fragen oer de Meksikaanske gryp. Se kinne in spesjaal nûmer belje (050-3674545). Dit callcenter is ynrjochte troch de GGD's fan Grinslân en Drinte. Allinne dit wykein hat ek de Fryske GGD him by dit inisjatyf oansluten.
De Fryske GGD seit dat minsken dy't gewoan gryp ha net hoege te beljen. Inkeld minsken mei gryp dy't ta de risikogroep hearre, kinne belje. In soad ynfo is te finen op www.rivm.nl