Kursus houtkachel bouwe

Yn Reduzum is in kursus kachelbouwen
De Finske houtkachel wurdt hieltyd populêrder. Yn Reduzum kinne minsken in kursus folgje hoe't se sa'n kachel bouwe kinne. It bedriuw yn Reduzum ferkeapet it produkt as boupakket, sadat minsken it sels meitsje kinne.
De Finske houtkachel is in stik suniger. De stiennen wêrmei't de kachel boud wurdt, hâlde lange tiid waarmte fêst. Ofhinkelik fan de grutte kostet in kachel 4000 of 5000 euro. It bedriuw ferkeapet der 100 yn it jier en pleatst sels 20 yn it jier.