De Kast komt mei nije cd

De Kast komt mei in nije cd
De Kast komt foar it earst yn jierren mei in nije cd. De lêste cd fan de Fryske band is út 2001. Goed in jier letter gie de band út elkoar. Sjonger Syb van der Ploeg en drummer Nico Uithuijse stapten doe út de band om mei Spanner fierder te gean. De oare bandleden giene fierder, mar yn 2004 foel definityf it doek.
Sûnt begjin 2007 wiene der optredens yn de âlde besetting. De nije cd komt nei alle gedachten begjin takom jier út. Der komt ek in single.