Schuil/Nummerdor 17e yn Poalen

07 aug 2009 - 14:11

Richard Schuil (fan Ljouwert) en Reinder Nummerdor binne yn it World Tour toernoai yn Poalen net fierder kommen as in teloarstellend 17e plak.

De beachfollyballers wiene op de herkânsings oanwiisd nei't se ferlearen fan de as tredde pleatste Spanjaarden Herrera en Gavira. Sels wiene Nummerdor en Schuil as fjirde pleatst, mar dat koene se dizze kear net wiermeitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)