Tefreden oer Snitswike

Snitswike is goed ferrûn
De gemeente Snits en de organisaasje fan de Snitswike binne goed te sprekken oer it ferrin fan it sylevenemint.
Ek it Antoniussikehûs is tefreden. It sikehûs sprekt fan in rêstige wike, yn ferliking mei eardere jierren. Der waarden wol wat mear minsken behannele dy't ûnder ynfloed fan GHB binnenbrocht waarden, it tal ferwûnings troch fjochtpartijen foel bot ta.