Stellerij Eastersee en Snits

© Omrop Fryslân
By in winkel yn Eastersee binne freedtemoarn in soad sigaretten stellen. De dieven kamen binnen troch in rút te fernielen. De technyske resjerzje docht ûndersyk nei de spoaren. Der is oanjefte dien.
Yn Snits binne freedtemoarn fjouwer mannen oanhâlden dy't flaggen oan it stellen wiene. Tsjûgen seagen dat se de flaggen by in restaurant fuorthellen en warskôgen de plysje. De mannen krije in boete en moatte de skea fergoedzje.