Wer medalje foar De Vries

Elma de Vries helle brûns (foto: Martin de Jong)
Elma de Vries, earder fan De Haule, hat tongersdei de brûnzen medalje helle op it ûnderdiel tsien kilometer puntekoers by it EK skeelerjen. Dat wurdt hâlden yn Zandvoorde yn België. Earste waard de Italiaanske Simona di Eugenio.
By it foarige EK helle Elma de Vries ek al it brûns op dit ûnderdiel. Se hat no mei elkoar fjouwer medaljes helle yn België: twa kear sulver en twa kear brûns.