Bouwmeester 11e by EK Laser

06 aug 2009 - 19:33

Siler Roelof Bouwmeester út Warten hat tongersdei goeie saken dien by it EK Laser yn Sweden. Hy stie foar tongersdei op in 15e plak yn it algemien klassemint, mar stiet no 11e.

Der waard tongersdei mar ien wedstriid syld, dêryn waard de Fryske siler fjirde. Lieder yn it klassemint bliuwt Paul Goodison út Grut Brittannië. Goodison kaam foar de tredde kear as earste oer de einstreek. Hy hat no 15 punten, Roelof Bouwmeester hat 59.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)