Weening tredde yn Poalen

06 aug 2009 - 19:27

Hurdfytser Pieter Weening is tongersdei as tredde einige yn de fiifde etappe fan de Ronde fan Poalen. De Harrekyt moast allinnich de Italjaan Alessandro Ballan en de Spanjaard Daniel Moreno foargean litte. De etappe wie 171, 5 kilometer lang en gong troch it Súdeasten fan Poalen.

Wrâldkampioen Ballan nimt no it earste plakje yn klassemint yn, Pieter Weening is ek dêr tredde op seis sekonden fan Ballan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)