Haven op 1 by WK Yngling

06 aug 2009 - 19:11
  • De start fan de Ynglingklasse

De Fryske sylteams dy't meidogge oan it wrâldkampioenskip yn de Yngling yn it Sweedske Kalmar dogge it poerbêst. Nei seis races stean fiif teams by de earste seis yn it klassemint. Al dy fiif teams binne fan de KWS (de Keninklike Wettersportferiening Snits).

Stjoerman Hidde-Jan Haven mei syn bemanning stiet earste. Tom Otte is twadde, Maarten Jamin tredde, Gert Roukema fjirde en Christian Roukema sechsde. Jamin en Otte wûnen tongersdei beide in wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)