Blau-alch yn fiver Frjentsjer

06 aug 2009 - 17:08

Der is blau-alch fûn yn de fivers fan Witzens yn Frjentsjer. Dat meldt de gemeente. Dy jout it advys om der net mear te swimmen, te fiskjen of de einen te fuorjen. Der binne buorden delset om minsken te warskôgjen.

Blau-alch kin sûnensklachten feroarsaakje, lykas maach- en termklachten, pineholle, jûkte en pine yn it ear. Meardere swimplakken yn Fryslân ha te krijen mei algen of baktearjes yn it wetter. Minsken wurde dêr mei buorden op wiisd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)